Twa kear safolle ôffal ophelle troch Omrin op Keningsdei

28 apr 2017 - 15:22
Foto: Omrin

Offalferwurkingsbedriuw Omrin hat op Keningsdei yn Ljouwert hast twa kear safolle ôffal ophelle as ferline jier. Der is tusken de tsien en de tolve ton ophelle. Ferline jier wie dat noch fiif ton. Pieter Bleeker, koördinator by Omrin, tinkt dat it mei it waar te krijen hat. Dat wie dit jier in stik better.

Freed wurdt der ek noch in soad guod brocht by de Estafettewinkel fan Omrin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)