Dick Advocaat? "Wat moatte wy mei sa'n âld strûk?"

28 apr 2017 - 15:14

"Wat moatte we mei sa'n âld strûk?", dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer de kommende beneaming fan Dick Advocaat as nije bûnscoach foar it Nederlânske alvettal. Guon besikers fan de freedsmerk hiene krityk op syn beneaming: "Die man doet het niet om de eer, maar om de kassa!", mar oaren hiene wol begryp: "Van Gaal en Koeman wolle net en we moatte dochs wat!". Berêsting wie der ek: "Folle minder kin it net wurde. Foar dizze kwailifkaasje is it dochs al te let"'. Swarte Piten wiene der ek foar de KNVB: "Wat hawwe se der dêr in soap fan makke!". En: "Dêr sitte echt de ferkearde minsken oan it stjoer." Foar de blommeman wie it simpel: "Der wurdt no wakker praat oer de coach, mar it giet om de spilers. Dy moatte it dwaan!'

(advertinsje)
(advertinsje)