Fosfaatútstjit minder, mar noch boppe de EU-noarm

© Henk Bootsma
It is de Nederlânske melkfeehâlders slagge om de fosfaat-útstjit mei 4,5 miljoen kilo werom te bringen nei 175 miljoen kilo. Dat lit steatssekretaris Van Dam de Twadde Keamer witte. Mar dêrmei sit Nederlân noch wol 2,1 miljoen kilo boppe de Europeeske noarm. Dat der no minder fosfaat útstjitten wurdt komt foaral trochdat der in soad boeren gebrûk makke hawwe fan de regeling om op te hâlden. Dêrtroch binne der no 90.000 minder kij.
Steatssekretaris Martijn van Dam fan ekonomyske saken slút net út dat der mear maatregels komme om de fosfaat-útstjit nei ûnderen te bringen. Dat soarget foar in protte ûnrêst by boeren, seit Janita ten Berge van boerebelange-organisaasje LTO Noard. Europeeske regels twinge Nederlân ta in fosfaatfermindering fan goed 6 miljoen kilo per kwartaal. Dêrfan is 4 miljoen no al helle. Dat is in bêste prestaasje, en in posityf sinjaal nei Brussel ta, seit Ten Berge.