Oandielhâlders: ''Bod op Accell is te leech''

28 apr 2017 - 12:09
Foto: ANP

In groep oandielhâlders fynt it bod fan de Pon-groep op it fytsekonsern Accell te leech. Dat meldt it Financieel Dagblad freed. De Accell Group is ûnder oare eigener fan de fytsemerken Batavus, Sparta en Koga Myata. Pon Holding hat twa wike lyn in bod útbrocht op alle oandielen fan Accell. Pon is ûnder oare eigener fan Gazelle. Nei de oername soe Pon de grutste fytsefabrikant fan de wrâld wurde.

De oandielhâlders fine dat de direksje fan Accell ek noch oare opsjes ûndersykje moat. Sa soe Accell bygelyks ek de fytsemerken fan Pon oernimme kinne, sa berjochtet it Financieel Dagblad.

(Advertinsje)
(Advertinsje)