Underdûkt yn Fryslân: "Hy die it foar syn Hear"
Willem Glashouwer út Hylpen hold him yn de Twadde Wrâldoarloch yntinsyf dwaande mei it ûnderbringen fan Joadske ûnderdûkers yn Hylpen en ek yn oare plakken yn de súdwesthoeke. Hy helle se fan de trein yn Warkum of Molkwar en soms reizge hy sels nei Amsterdam ta om Joaden op te heljen. Hy brocht se yn it donker, faak efter op de fyts nei harren ûnderdûkadres. Syn soan Harmen seit no: ''it kearske brânde by ús heit oan twa kanten: nachts wie er foar it ferset op paad en oerdei die er syn gewoane wurk.''
Underdûkskiednis
Harmen Glashouwer hat besocht om de ûnderdûkskiednis fan Hylpen yn kaart te bringen, mei help fan de ferhalen dy't syn heit ferteld hat en alle dokuminten dy't er neilitten hat. Briefkes, brieven, falske persoansbewizen en tekeningen. It hat in hiele toer west om dat allegearre te ûntsiferjen, mar al mei al is der no in frij folslein byld fan dy tiid.
Willem Glashouwer hat nea in ûnderskieding krigen foar syn krewearjen yn de oarloch. "Dat woe er net. Hy die it foar syn Hear", seit syn soan as him der nei frege wurdt. Hy fertroude ek op de Hear doe't er yn 'e knipe kaam mei de distribúsjebonnen. Hy hie gjin bonnen mear doe't de oanfier út Amsterdam wei opdrûge troch ferried dêr. In oare fersetsstrider bea help: hy fernaam fan Willem syn problemen en kaam mei eksakt it goede oantal bonnen oansetten. Willem Glashouwer wie derfan oertsjûge dat God syn bidden om help heard hie.
It ferhaal oer de Joadske ûnderdûkers yn Hylpen is snein te hearren yn Buro de Vries. 'Underdûkt yn Fryslân' is in projekt fan Tresoar, Wij van PS en Omrop Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan it projekt.