Noardwâldster (21) rekket ferwûne by ûngelok by Meppel

28 apr 2017 - 10:33

In frou fan 21 jier út Noardwâlde is tongersdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de A32 by Meppel. In automobilist út Ruinerwold klapte dêr op de flechtstreek achterop in taksybuske mei pech. De passazjiers wienen útstapt en stienen yn de berm te wachtsjen op oar ferfier. Op dat stuit botste de automobilist achterop it buske.

De frou út Noardwâlde krige in auto-ûnderdiel tsjin de holle dat troch de klap troch de loft fleach. Se rekke licht ferwûne. Ek de autobestjoerder hie ferwûnings. Hy moast nei it sikehûs. Dêr is in bloedproef ôfnaam. De man is oanhâlden.

Trefwurden: 
Meppel ûngelok plysje
(advertinsje)
(advertinsje)