Yvonne Bleize de nije direkteur fan popsintrum Neushoorn

28 apr 2017 - 10:01

Yvonne Bleize is de nije direkteur fan popsintrum Neushoorn yn Ljouwert. Se folget Janpier Brands op, dy't begjin dit jier nei Rotterdam gie. Yvonne Bleize is foarsitter fan Liet, it sjongfestival foar minderheidstalen. Se wie fan 2006 oant 2008 kultuerwethâlder yn Ljouwert. 


Se hat in soad sin oan har nije funksje. Neushoorn is neffens har in springplank foar talint en in ynspirearjend plak. Bleize sjocht in soad kânsen om de organisaasje noch fierder te bringen. Sa sille de artistike netwurken útboud wurde om Neushoorn hieltyd wer fernijend wêze te litten yn de programmearring. Der wurdt ek wurke oan in optimale ynfolling fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

(advertinsje)
(advertinsje)