Oanriding by Warstiens, fjouwer minsken ferwûne

28 apr 2017 - 09:54
Foto: CAMJO media

By in oanriding op de Wâldwei by Warstiens binne tongersdeitejûn fjouwer minsken ferwûne rekke. In 22-jierrige automobilist út Drachten botste achterop in auto. Dêryn sieten trije Ljouwerters: in 50-jierrige bestjoerder en twa ynsittenden, in man fan 51 jier en in 49-jierrige frou.

Alle fjouwer binne nei it sikehûs brocht. Fan de Drachtster is yn it sikehûs in bloedproef ôfnaam, omdat er mooglik alkohol hân hie.

Trefwurden: 
Warstiens oanriding plysje
(advertinsje)
(advertinsje)