Doarpshûs Hantum krijt 40.000 euro foar ferbouwing

28 apr 2017 - 09:45
Foto: Google Streetview

Doarpshûs d'Ald Skoalle yn Hantum krijt 40.000 euro fan it Oranjefûns foar de ferbouwing. It pân is boud yn 1750 en wurdt sûnt 25 jier brûkt as doarpshûs. It is hiel belangryk foar de leefberens fan it doarp, it is it sintrale plak foar ferienings.

It gebou foldocht al in skoft net mear oan de betingsten fan feilichheid en mei dit jild kin dêr wat oan dien wurde.

Trefwurden: 
Hantum doarpshûs Oranjefûns
(advertinsje)
(advertinsje)