Auto rôlet op Ljouwerter Emmakade it wetter yn

De Emmakade yn Ljouwert © Google streetview
Oan de Emmakade yn Ljouwert is yn de nacht fan tongersdei op freed in auto yn it wetter rekke. De bestjoerder hie syn auto by de Evangelyske tsjerke delsetten, mar net op de hânrem setten. Doe't er dwaande wie mei it útladen fan syn auto, skeat dy nei foaren en bedarre yn it wetter.
In bergingsbedriuw hat de auto út it wetter takele en meinaam. De eigener fan de auto kaam mei de skrik frij.