Plysje: Keningsdei ferrint sûnder problemen

27 apr 2017 - 22:18
Lytse skermutseling yn de Doelestege yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Keningsdei is yn Fryslân sûnder ynsidinten ferrûn. En de jûn nei Keningsdei wie ferlykber mei in gewoane stappersnacht, seit plysjewurdfierder Ron Reinds. Hjir en dêr wie wol wat sprake fan oerlêst, mar net mear as oars.

Reinds tinkt dat it kâlde waar der mei foar soarge hat dat it sa rêstich bleaun is. Hie it no gleonhyt west, seit er, dan hie it grif in oar ferhaal wurden.

Trefwurden: 
Keningsdei plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)