Offalstream Keningsdei Ljouwert wurdt hieltyd lytser

De nije wurkwize fan Omrin op Keningsdei docht hieltyd mear fertuten. De ôffalferwurker freget frijmerkferkeapers om oerhâlden guod by harren yn te leverjen. It guod kin yn houten bakken dien wurde. It spul wurdt fuortendaliks selektearre troch meiwurkers fan Omrin. Saken dy't werbrûkt wurde kinne, gean nei de winkel fan Estafette. Wat dan noch oerbliuwt, ferdwynt yn in grutte ôffalkontener. De ôffalstream fan Keningsdei is dêrtroch no al sa'n 60% lytser wurden as trije jier ferlyn.
Net alle dielnimmers oan de frijmerk bringe guod dat oerbliuwt nei Omrin, mar de groep dy't it eigen ferkeapplak skjin achterlit wurdt wol hieltyd grutter.