Offaloven Harns leit wikenlang stil foar ûnderhâld

27 apr 2017 - 21:22

De ôffaloven yn Harns leit de kommende wiken stil foar ûnderhâld. It wurk begjint freed al. Der komt ûnder oare in nije fentilator, want de saneamde ID-fan feroarsaket in soad problemen. Der komt no in reserve-fentilator by.

Ferline jier hat de ôffaloven ek al stillein foar ferbettering.

Trefwurden: 
REC ôffaloven Harns
(advertinsje)
(advertinsje)