Organisaasje King's Battle tefreden oer edysje 2017

28 apr 2017 - 06:30

De organisaasje fan de Kings Battle fan Blauhús sjocht tefreden werom op de autocross fan Keningsdei. Spannende wedstriden, in goede sfear en fiiftûzen man publyk. It parkearterrein stie grôtfol.

Ynsidinten hawwe der net west, seit Roland Lousma fan de Fryske Autocrossklup. En wat er miskien noch wol it moaiste fynt: de úteinlike winner is in Fries. Jan Roelof Wijbenga fan Koatstertille waard útroppen ta King of Dirt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)