De Friesland wol binnen Ljouwert ferhúzje nei Achmeatoer

28 apr 2017 - 06:00

Soarchfersekerder De Friesland wol ferhúzje nei de Achmeatoer yn Ljouwert. Op it stuit wurdt ûndersocht oft dat mooglik is en wat it opsmyt. Dat befestiget wurdfierder Rob Propsma fan de soarchfersekerder.

As alles trochgiet, is de ferhuzing pas yn 2019. Earder hat der ek al ris sprake west fan in ferhuzing nei de Achmeatoer. Doe gie de beskibere romte nei fersekerder Aegon. It kompleks by it stasjon dêr't Aegon earder yn siet, is oernaam troch projektûntwikkeler Leyten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)