Boargemaster Crone tefreden oer Keningsdei

27 apr 2017 - 18:48

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert is tefreden oer it ferrin fan Keningsdei oant no ta. Trochdat it waar wat minder moai is, is it ek minder drok. Mar it is wol gesellich, seit de boargemaster. Echte ynsidinten hawwe der net west. Der is neat te melden, seit Crone, útsein dan twa pleisters by de EHBO.

(Advertinsje)
(Advertinsje)