FIDEO: Jan Roelof Wijbenga is King of Dirt yn Blauhús

Jan Roelof Wijbenga út Koatstertille is de grutte winner wurden fan de ynternasjonale autocross yn Blauhús. Hy waard ta King of Dirt útroppen yn de stockcar F1-klasse.
"Dit fielt as in grutte oerwinning, Twa jier lang hawwe wy net folle wûn. Fan 't winter hawwe wy de auto feroare. Der is in oare motor yn kaam. En hy giet no super. Dit is fantastysk.
Us team hat der hiel hurd foar wurke. Twa kear yn de wike wurken wy in jûn deroan om alles foarinoar te krijen. Dat pakt no goed út.
Yn it begjin fan de race wie it hiel spannend. Op 't lêst kaam ik dochs op it earste plak. Ik hâlde de oaren goed yn de gaten, mar it gat bleau grut genôch. De binnenbaan wie net al te glêd. Dêr hie ik mear grip. Dy besocht ik oan te hâlden. Ik seach dy Ingelske stockcarrider wol achter my. Dy kaam tichterby en ik tocht, ik moat wat hurder. Mar doe makke hy in foutsje en hie ik genôch foarsprong."
De Kingsbattle op Keningsdei yn Blauhús hie dielnimmers út binnen- en bûtenlân.Der wie ek in protte publyk by oanwêzich. Ofsluter wie de ludike caravanrace. Emiel fan De Hûnekop die mei mei de Omrop Fryslân-caravan.