Auto útbaarnd op Trekwei by Driezum

In auto is op Keningsdei yn de brân flein op de Trekwei yn de omkriten fan Driezum. De brân bruts de middeis efkes foar 1 oere út. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.
By it fjoer kaam in soad reek frij. Dêrtroch moast de dyk tydlik ôfsluten wurde. De oarsaak fan de brân is noch ûndúdlik.