FIDEO: In Fryske fjochter op de Battle of the Nations

27 apr 2017 - 15:52

Oentsjerkster Aant Jelle Soepboer docht dit wykein yn Barcelona mei oan it offisjele wrâldkampioenskip histoarysk midsiuwsk fjochtsjen, de Battle of the Nations. Soepboer is al in jier swier yn training foar syn wk-debút. Dat is ek wol nedich, want it harnas dêr't er yn fjochtet wurdt waacht wol 40 kilo.

It team Fryslân 1 striidt mei Noard- en East-Friezen ûnder de Dútske flagge, want Fryslân wurdt net erkend troch de organisaasje. It team Fryslân 1 draacht in pompeblêde-tunyk en begjint elts gefjocht mei de striidkreet 'Leaver dea as slaaf'. Oare lannen dy't meidogge oan de Battle of Nations binne ûnder oaren Argentinië, Ruslân, de Feriene Steaten en Nederlân. Fryslân 1 moat sneon de hiele dei oan de bak yn de arena fan Barcelona. Dêr moatte se it yn de poulefaze opnimme tsjin ûnder oare Ruslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)