Europarlemintariër Huitema tsjin patint op planten

27 apr 2017 - 15:36
Jan Huitema (VVD) yn it Europeesk Parlemint - Foto: ANP

Der moatte gjin patinten mear jûn wurde op natuerlike eigenskippen fan planten. Dat fynt Europarlementariër Jan Huitema fan Makkingea. No is it sa dat bedriuwen in patint krije kinne op griente en fruit. Dat betsjut dat sy dan de iennigen binne dy't in bepaalde soart griente of fruit kweke meie. As oaren net kweke meie, kin dat min útpakke foar ûntwikkelings yn de planteferedeling.

It plantepatint is it gefolch fan in beslút fan it Europees Octrooi Bureau (EPO) twa jier lyn. Huitema luts doe ek al oan de belle, mar de regels binne noch altyd net oanpast. Huitema hat no mei kollega's in brief skreaun nei it oktroaiburo. Dêryn ropt er it buro op om gau mei in oplossing te kommen.

Trefwurden: 
Jan Huitema patint planten
(Advertinsje)
(Advertinsje)