Mei wyntsje wachtsje op finish kroanprins by Alvestêdetocht

27 apr 2017 - 13:48

Keninginne Beatrix, prins Claus en kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel ha yn 1986 op de fleanbasis Ljouwert oan de wyn sitten, wylst sy wachtsje moasten op de binnenkomst fan kroanprins Willem-Alexander by de Alvestêdetocht. Dat fertelde Wiegel tongersdeitemiddei yn it radioprogramma No yn Fryslân. Hy seach werom op it ynterview dat Wilfried de Jong woansdei mei Willem-Alexander hie en dêr't de Kening fertelde oer syn dielname oan de tocht.

Op de moandei foar de tocht yn 1986 belle Willem-Alexander Wiegel mei de fraach oft hy sliepen bliuwe koe. De frou fan Wiegel fertroude it net, want elkenien koe wol sizze dat er Willem-Alexander wie. Hy moast mar nei it provinsjehûs belje. Fia it kabinet hat de kommissaris alles fierder regele. De befeiligers fan Willem-Alexander waarden ûnderbrocht by de buorlju fan Wiegel. Wiegel hat de kroanprins om fiif oere moarns wekker makke en in brochje foar him makke fan bakte aaien mei spek.

De Keninginne wachte yn Ljouwert op de oankomst fan de kroanprins. Om't hy mear tiid nedich hie as tocht, hat Wiegel de aalmoezenier fan de fleanbasis frege om in pear flessen goede wyn. Letter binne se ôfset nei de finish op de Bonkefeart.

By de finish waard al gau dúdlik dat Willem-Alexander skjin oan 'e ein wie. Hy frege oft er noch in nacht by Wiegel sliepe koe. De kommissaris hat de prins meinaam en foar him in waarm bad klear makke. Nei in pear bierkes en bitterballen is er it bêd yndûkt, om de dei dernei wer fris rjochting Den Helder te reizgjen. Dêr studearre hy oan it KIM, it Keninklik Ynstitút foar de Marine.

(Advertinsje)
(Advertinsje)