"Iepeningstiden ynrinhûs Ljouwert net beheine"

27 apr 2017 - 11:58

It Inloophuis oan it Groot Schavernek yn Ljouwert moat likefolle oeren iepen bliuwe as no it gefal is. Der binne plannen om it ynrinhûs minder faak iepen te dwaan en op woansdei tenei sels hielendal te sluten. De fraksje fan Feriene Lofts yn de gemeenteried fan Ljouwert makket him dêroer soargen en hat fragen steld oan boargemaster en wethâlders. Neffens de partij binne de besikers bot skrokken fan it foarnimmen.

It ynrinhûs is bedoeld foar minsken mei psychiatryske problemen. Feriene Lofts tinkt dat it net wurket om se te ferwizen nei doarps- en wykfoarsjenningen. In oare omjouwing bringt te folle prikkels mei him mei foar dizze minsken, seit de fraksje. Se hawwe in rêstige en fertroude omjouwing nedich, oars kinne harren problemen wer slimmer wurde, tinkt Feriene Lofts. De partij hopet dat it kolleezje ôfsjocht fan it beheinen fan it tal iepeningsoeren fan it ynrinhûs.

(advertinsje)
(advertinsje)