Surhústerfean krijt hurdfytswike Feanster Wielerweek

27 apr 2017 - 10:37
Hurdfytsers op it Toerplein yn Surhústerfean

Surhústerfean krijt in nij evenemint: de Feanster Wielerweek. De hurdfytswike is in inisjatyf fan it Wielercomité Surhústerfean. De hurdfytserij wurdt hâlden fan 19 oant en mei 25 july. Op de lêste dei stiet de Profronde op it programma. Yn de Feanster Wielerweek binne allegear ferskate aktiviteiten. Sintrale punt yn de wielerwike wurdt it Toerplein. Dat is ek de útfalsbasis fan de toertocht Pieter Weening Classic. Dy wurdt altyd op de sneon foar de Profronde hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)