Kollum: "Leve de Republyk!"

"It is Keningsdei - troch my noch steefêst Keninginnedei neamd. Ik wit net oft dat foardat Amalia op ‘e troan komt der by my noch út giet. Ik snap ek net wêrom’t we no trije dagen earder yn april moatte: trije dagen kâlder, tink ik altyd. En ik snap ek net wêrom't it Keningsdei hjit, mei in ’s’. Dy siet der by Keninginnedei ek net yn. Mar goed, ik snap it keningshûs sowieso net.
It is in raar en âlderwetsk systeem. Dat seach ik noch it bêste yn de telefyzjesearje ‘The Crown’. Ferline jier kaam Netflix mei dizze searje, oer it Britsk keningshûs. Oer de jonge jierren fan keninginne Elizabeth II. In prachtich histoarysk drama, mei muzyk fan Hans Zimmer en in skitterjende haadrol fan Claire Foy, dêr’t se ek in Golden Globe mei wûn. In oanrieder.
Al wie it mar omdatst dan goed sjochst hoe idioat sa’n keningshûs is. Elizabeth II komt op de troan yn 1952, en rûn dy tiid spilet it. Se is dêr telâne kaam, omdat har omke, de kening, net mear woe. Eduard VIII woe trouwe mei in frou dy’t al twa kear skieden wie. Dat mocht net, as kening. Hy keas foar de leafde.
Dus dat nichtsje Elizabeth kaam op ‘e troan. It kin raar rinne yn it libben. Sy waard dêrmei net allinnich ien fan de rykste minsken op ierde, mar ek keninginne fan fjouwer lannen, staatshoofd fan tolve lannen, en haad fan de Anglikaanske tsjerke.
Moatte je wat mazzel mei ha. ‘The Crown’ draait it wat om: je krije suver meilijen mei har. Se woe it eigentlik net, sit yn in glêzen koai en mei hast neat sizze. Safolle regeltsjes om oan te foldwaan, en al die machtsbeluste manlju om har hinne. Net bêst.
Dat liket de djippere laach: elkenien wol kening of keninginne wurde, mar sjoch ris hoe lêstich dat libben eigenlik wol net is. Mar, ik seach wat oars: se kinne der sels wat oan dwaan, de lêste keninginne fan dizze wrâld: der mei ophâlde. Mar dat docht se net.
Ik ha net safolle romantyske gefoelens by in keningshûs. It is in rjochtstreekse erfenis fan de klassemaatskippij. Ut de tiid fan de heareboeren en de feinten. Sa leuk wie dat net. Ik betelje foar de pracht en de preal fan de keningshuzen. Dat fan ús kostet 40 miljoen euro it jier, sa berekkene RTL Nieuws twa jier lyn. Mei dat jild kinst twa-en-in-heale Omrop Fryslâns draaie.
De skiednis fan ús keningshûs is ek idioat. Wilhelmina troude mei har efterneef. Har mem, Emma, troude op har tweintichste mei kening Willem III, dy’t doe ienensechtich wie. Dat hie har pake wêze kind. Der wie in twadde lêch nedich foar Willem, want de jonges út it earste houlik, no ja, it docht der ek net ta, mar soepel rûn it allegearre net, sa as yn elk libben.
In keazen presidint, sa as Trump, is miskien ek net alles. Mar wannear't dy net befalt, is er oer fjouwer of uterlik acht jier wer fuort. It sil in poerbêste fint wêze hear, dy Willem-Alexander. Mar der binne in soad poerbêste minsken yn Nederlân.
Dus ik genietsje hjoed fan de wille dy’t de bern ha, en fan de maaitiidssfear yn ‘e stêd. Mar oan myn liif gjin ien tried oranje. En wannear't der tefolle kjeld, buien en wyn komt, dan krûp ik achter Netflix foar in werhelling fan ‘The Crown’. Leve de republyk!"
Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.