Kâlde Keningsnacht wjerhâldt hannelers frijmerk net

Yn Ljouwert hawwe inkelde tsientallen minsken de nacht bûtendoar op de Nijstêd trochbrocht, om harren plakje en hannel foar de frijmerk op Keningsdei te befeiligjen. Dat is tradysje, mar de ôfrûne nacht wie wol wat frisser as oare jierren. De temperaturen leine om it friespunt hinne. De frijmerk-keaplju hiene ferskillende taktiken om in bytsje waarm te bliuwen: inoar ôfwikselje, yn 'e auto sliepe of in fjoerke stoke yn in fjoerkoer. Guon wiene woansdeitenacht ek al oan it hanneljen en waarden dêr miskien ek wol waarm fan.

Op it Saailân hie de EHBO in tydlike post ynrjochte yn in leechsteande winkel. Dêr waarden woansdeitejûn in pear jongeren holpen dy't by it grutte tintefeest op it plein licht ferwûne rekken. De EHBO-post wie der op fersyk fan de organisaasje fan it feest, sadat ambulânses minder faak nei it sintrum hoegden te kommen om minsken te helpen of ôf te fieren. Der melde him ek in jonge dy't in klap op 'e holle krigen hie. Hy sil dêr oanjefte fan dwaan. Ofsjoen fan dit iene ynsidint wie it neffens de plysje in rêstige Keningsnacht.