Friezen dogge mei oan WK midsiuwsk fjochtsjen yn Barcelona

26 apr 2017 - 23:11

Takom sneon begjint yn Barcelona de 'Battle of the nations'. It giet om offisjele wrâldkampioenskippen 'histoarysk midsiuwsk fjochtsjen', yn midsiuwske klean en mei midsiuwske wapens. Oan dat toernoai yn de arena fan Barcelona docht ek in Frysk team mei, mei yn de foarhoede Aant Jelle Soepboer fan Oentsjerk.

Training

Soepboer is fan berop dosint skiednis, mar hy is ek al in jier swier yn training foar syn wk-debút 'midsiuwsk fjochtsjen'. Dy training is nedich ek, want it harnas mei helm dêr't yn fochten wurdt, is wol in kilo as fjirtich.

Fryslân

It is de bedoeling dat it team letter dit jier ek yn Fryslân te bewûnderjen is. Soepboer wol besykje syn sport 'histoarysk midsiuwsk fjochtsjen' populêrder te meitsjen by ús yn de provinsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)