Rekôrtal dielnimmers by Mudrun yn Berltsum

26 apr 2017 - 22:11

De tredde Mudrun yn en om Berltsum luts woansdeitejûn in rekôrtal dielnimmers. Mar leafst 400 minsken út it hiele lân, wêrûnder sa'n tritich junioaren, reizgen ôf nei Berltsum om in bysûnder parkoers te draven, dwers troch sleatten en fivers en mei in oantal bysûndere obstakels. De Mudrun is trije jier lyn betocht as eksperimint, mar is no al in tradysje wurden.

It evenemint ferrûn sûnder problemen. Der wie mar ien dielnimmer dy't medyske help nedich hie foar in swypslach. De dielnimmers dy't noch enerzjy oer hienen, koenen gelyk troch nei de feesttinte mei live muzyk foar de Berltsumer keningsnacht. De Mudrun yn it doarp wurdt organisearre troch de keatsklup en de Oranjeferiening.

Trefwurden: 
Berltsum Mudrun dielnimmers
(Advertinsje)
(Advertinsje)