Alvestêdetocht skeelde kening Willem-Alexander tentamen

26 apr 2017 - 21:47

Kening Willem-Alexander hie der eins hielendal gjin nocht yn om de Alvestêdetocht te riden. It wie op oantrunen fan in freon dat er him yn 1986 dochs mar opjûn hat foar de tocht. Dat sei er woansdei yn in telefyzje-ynterview mei Wilfried de Jong op NPO1. De kening, doe noch Prins Willem-Alexander, wie yn dy tiid yn tsjinst by de marine. Hy hie eins tentamens, mar in mentor, koe der foar soargje dat dy ferset waarden. Doe koe de prins net mear werom.

Maklik oankinne

Trochdat er alle dagen trainde by de marine, tocht Willem Alexander dat er de tocht maklik oan kinne soe. Dat wie achterôf ek sa, seit er, al wie it stik tusken Hylpen en Harns wol tige dreech troch tsjinwyn en min iis. Op de Bonkefeart stienen syn heit en mem, Keninginne Beatrix en Prins Claus, op him te wachtsjen. Dy binne fan Brussel nei Ljouwert flein. Doe't de prins by Bartlehiem wie, hearde er de helikopter oerfleanen.

De freon, dy't Willem Alexander oantrune hie om mei te riden, hat úteinlik sels de tocht fan '86 net riden. Hy hie gjin startbewiis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)