Man (87) feroardiele foar ûntucht mei buorfamke

26 apr 2017 - 21:26
Rjochter - Foto: Omrop Fryslân

In 87-jierrige man út de gemeente Ljouwert is feroardiele foar ûntuchtige hannelingen mei in buorfamke fan 10. It famke kaam by him oan de doar om peaske-aikes te ferkeapjen, foar it goede doel. De heechbejierre man frege it famke binnendoar te kommen en begûn har te tútsjen. Hy gong ek mei de hân har broek yn.

De man hat in finzenisstraf fan trije moannen oplein krigen, ûnder betingst. Hy mei de kommende trije jier gjin bern mear yn de hûs ha, en moat it famke in skeafergoeding betelje fan 500 euro. Fiif jier lyn is de man ek alris feroardiele foar in soartgelikense saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)