Flinke brân yn hoekwenning Ljouwert: fjoer ûnder kontrôle

26 apr 2017 - 21:00

De brânwacht fan Ljouwert moast woansdeitejûn útride foar in brân yn in hoekwenning oan de Celebesstrjitte yn de stêd. It gie om in útslaande brân, wêrby ek in soad reek frijkaam. De brânwacht kaam mei twa auto's te plak en hie it fjoer rillegau ûnder kontrôle. Der moat noch wol neiblust wurde. De wenning is fan binnen folslein yn 'e jiske lein.

De bewenster fan it hûs wie net thús doe't de brân útbruts. Hoe't it fjoer krekt ûntstien is, is noch net bekend. De plysje docht op it stuit ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)