Twa auto's botse op de Ljouwerterdyk by Blije

© De Vries Media
By in ûngelok mei twa auto's yn Blije binne beide bestjoerders licht ferwûne rekke. Op in krúspunt by de Ljouwerterdyk kamen se mei-inoar yn botsing. Se binne ûndersocht troch minsken fan de ambulânse, mar hoegden beide net mei nei it sikehûs.
De plysje docht ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok.