Autocross fan Stynsgea giet net troch

26 apr 2017 - 19:23
Foto: RaRaRacing.nl

De autocross fan Stynsgea giet tongersdei net troch. De organisaasje ferwachtet dat der troch de kjeld, en troch de konkurrinsje fan de cross yn Blauhús net genôch minsken op ôfkomme om it evenemint finansjeel rûn te krijen.

Foarich jier waard de cross fan Stynsgea ek al skrast. Doe wie it terrein te sompich om te riden. Op 13 maaie hopet de organisaasje de ynhelwedstiid te organisearjen.

Trefwurden: 
autocross Stynsgea
(advertinsje)
(advertinsje)