Lytsere útwreiding asylsikerssintrum yn Burgum

It azc yn Burgum © 112Fryslân
De útwreiding fan it asylsikerssintrum yn Burgum wurdt minder grut as earder de bedoeling wie. Yn it hiele lân slute asylsikerssintra, omdat it totaal oantal asylsikers flink ôfnommen is. Mear as de helte fan de bêden is leech, sa meldt de asylsikersopfangorganisaasje COA.
Earder waard al bekend dat de nije opfanglokaasje op It Hearrenfean der net komt. By de oare Fryske opfanglokaasjes, yn Snits, Sint-Anne, Drachten en Balk, feroaret neat.