Frânsk syljacht fart by de wâl op by Suwâld

© De Vries Media
By Suwâld is in lúkse syljacht by de wâl op fearn. De brânwacht moast der oan te pas komme om it jacht wer yn it wetter te krijen. It giet om in boat út Frankryk, fan in meter as tsien.
It is net dúdlik wêrom't de skipper tsjin de wâl oan fearn is. Op it plak fan it ûngelok is it kanaal oersichtlik, en frij breed. Der rekke net ien ferwûne.