Jan Oud krijt gouden earespjelde

Jan Oud fan It Amelân hat woansdeitemiddei in gouden earespjelde krigen fan de Oorlogsgravenstichting. Oud hat 34 jier konsul west foar de stifting. Sa'n konsul spilet in belangrike rol by it behear en it ûnderhâld fan oarlochsgrêven. Op It Amelân lizze twa Nederlânske oarlochsslachtoffers en 69 alliearden begroeven.
Jan Oud krige de ûnderskieding út hannen fan Roel Broer, waarnimmend algemien direkteur fan de Oorlogsgravenstichting. Oud wurdt as konsul opfolge troch Hans Kuperus. De Oorlogsgravenstichting docht it ûnderhâld fan mei-elkoar 50.000 oarlochsgrêven, yn Nederlân, mar ek yn it bûtenlân.