Harnzer krijt wurkstraf foar ûntucht

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In âld-groepslieder fan de wetterskouting Caspar di Robles út Harns is feroardiele ta in wurkstraf fan 120 oeren en in selstraf fan in moanne ûnder betingst. De man is neffens de rjochter skuldich oan ûntucht mei in minderjierrige. De man hie yn desimber 2015 by in skoutingkamp in famke by him yn de sliepsek sliepe litten, omdat sy kâld wie.
De man sei by de rjochter dat hy yn de war rekke wie, doe't it famke ticht tsjin him oankrûpte. De âld-groepslieder moat net allinnich 120 oeren ferplichte oan it wurk; hy moat him ek behannelje litte en 1500 euro smertejild betelje. It famke is troch de húsdokter trochferwiisd nei de jeugdhelpferliening. It foarfal hat in protte yndruk op har makke.
By de hichte fan de straf hat de rjochtbank meinaam, dat de Harnzer gjin lid mear fan de wetterskouting wêze mei. Dêrtroch is syn sosjale netwurk foar in grut part fuortfallen.