Marit Bouwmeester makket wrâldbekerwedstriden net ôf

26 apr 2017 - 16:33
Marit Bouwmeester (argyffoto) - Foto: Twitter Marit Bouwmeester

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat har weromlutsen út de wrâldbekerwedstriden yn it Frânske Hyères. Se is fysyk noch net sterk genôch om de wedstriden oan te kinnen. Bouwmeester wol gjin risiko's nimme mei it each op it wrâldkampioenskip, dat dizze simmer yn Medemblik is. Bouwmeester komt út yn de klasse Laser Radiaal. By de earste wedstriid yn Frankryk waard se twadde, mar de twadde wedstriid makke se net ôf.

Bouwmeester baalt der flink fan. "Ik heb afgelopen maanden keihard gewerkt om fysiek sterker dan ooit te zijn. Vorige week heb ik helaas wat fysieke pijntjes opgelopen. Tijdens de wedstrijd gisteren bleek dat ik nog niet voldoende ben hersteld", sa skriuwt se op Facebook.

(Advertinsje)
(Advertinsje)