FIDEO: It boerebedriuw fan famylje Entzinger yn Grou

26 apr 2017 - 17:30

Mei de lokaasjefoarstelling 'Koning van het Grasland' wolle Pier21 en toanielgroep Jan Vos in debat op gong bringe oer de boer yn in feroarjende maatskippij. It stik wurdt fan juny ôf opfierd op ferskate boerepleatsen yn Fryslân. Wy gean op besite by fjouwer fan dy pleatsen mei de fraach: wat driuwt je om boer te wêzen? Hjoed binne wy by Eelco en Marlou Entzinger yn Grou.

It stik giet op 3 juny yn premjêre, op dizze pleats yn Grou. Dy premjêre is útferkocht, mar foar de oare foarstellings binne noch kaarten. Op www.pier21.nl stiet mear ynformaasje.

Eardere portretten binne te sjen yn de earste ôflevering en de twadde ôflevering.

(advertinsje)
(advertinsje)