Tips om in nacht op de frijmerk fol te hâlden

26 apr 2017 - 16:05

It is al faak sein: der komt in kâlde keningsdei oan. Mar wat moatte je dwaan om in kâlde nacht op de frijmerk troch te kommen en fansels de earste betide oeren?

Earst mar sjen wat de waarman dêroer seit: de kommende jûn en nacht by see noch kâns op in bui. In kâlde en frij heldere keningsnacht mei sawat 1 oant 2 graden en froast oan de grûn. 

Tips

Henk Kooistra fan de EHBO hat trije tips: "Doch waarme klean oan, dan bliuwst waarm en set ek foaral wat op de holle, dus mûtse en sjaal om. Gean net yn de wyn stean, oars kuollest te bot ôf en nim as lêste waarm drinken mei, ek dat hâldt it lichem waarm. En nim ek foaral gjin sterke drank, dat is echt fataal."

En Keningsdei sels? Earst noch geregeld sinne en kâns op in winterske bui. Yn 'e middei drûch en letter yn 'e middei mear bewolking. Oerdei sa'n 10 of 11 graden. In matige oant frij krêftige wyn út it westen oant noardwesten. 

Trefwurden: 
frijmerk Keningsdei
(advertinsje)
(advertinsje)