Iris Kroes wurket yn Ingelân oan nije muzyk

26 apr 2017 - 15:17

Iris Kroes hat in pear dagen yn Ingelân west. De Drachtster sjongeres hat dêr in nij nûmer opnommen. In stikje dêrfan hat se op Facebook set. “Ik bin de lêste tiid in soad oan it skriuwen mei allegear ferskillende minken, oeral wei, út Ingelân, Kanada en Spanje. It is in leuke, kreative toer." 

Yn novimber hat de earder winneres fan The Voice meidien oan in songwriterscamp yn Spanje en dêr moete se tal fan producers en tekstskriuwers. “Doe bin ik útnûge om in kear yn Ingelân te kommen om wat op te nimmen en dat ha ik no dien. We binne dwaande om de lêste puntsjes op de i te setten en dan is it tink ik ein fan de wike klear.” Iris Kroes is hiel entûsjast. “It wurket hjir hiel noflik omdatst op in oar plak bist, de fokus leit oars omdatst nei ôfrin fan de dei net nei hûs giest, kinst dy better konsintrearje.” Se wit noch net wannear’t se it ferske útbringt, mar seit ta dat Omrop Fryslân de primeur krijt.

Trefwurden: 
Iris Kroes muzyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)