Plysje pakt trio op foar stellerij fan boat

© ANP
De plysje hat twa jonges en in man oanhâlden foar it stellen fan in boat op de Easterbuorren yn Boarnburgum. De stellerij wie sneintejûn. De trije starten de motor, mar in tsjûge seach dat en warskôge de plysje.
Ien fan de fertochten, in man fan 25 út Ljouwert, waard fuort al oanhâlden. Ek de auto dêr't er mei kommen wie, waard yn beslach nommen. De twa jonges koene útnaaie. De plysje hat se moandei oppakt. It docht bliken dat se út Drachten komme. Sy binne heard. Alle fertochten binne wer frij, mar moatte noch wol foar de rjochter komme.