Kranten komme tenei mei lettere boat nei Skier

26 apr 2017 - 14:35
De Spar Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Yn Spanje is moarns om acht oere in farske Telegraaf te keap, mar op Skiermûntseach slagget dat net langer. De moarnskranten geane tenei as besuniging net langer mei de earste fearboat nei eilân, mar in boat letter. Gefolch is dat kranten lykas De Telegraaf, Volkskrante, it Algemeen Dagblad en de Leeuwarder Courant pas fan alve oere ôf te keap binne. Dêr is de pleatslike supermerk net bliid mei.

De proef is trije dagen lyn begûn en de NDC Mediagroep is net fan doel om de besuniging werom te draaien, meldt RTV Noord. Neffens in wurdfierder is dêr goed oer neitocht. It besoargjen fan de kranten op de Waadeilannen is djoer foar de útjouwers. Op de oare Waadeilannen is it net folle better. Dêr komme de moarnskranten ek pas tsjin de middei oan.

Trefwurden: 
Skiermûntseach kranten BDC NDC
(Advertinsje)
(Advertinsje)