Earste plakjes foar frijmerk yn Ljouwert al ôftekene

26 apr 2017 - 14:29

Minsken dy't op Keningsdei har guod ferkeapje wolle op de frijmerk yn Ljouwert, hawwe folle earder as ferline jier in plakje socht, sinjalearret de organisaasje. Ferwachte wie dat de earsten har woansdeitemiddei om 17.00 oere melde soene, mar de earste ferkeapers wiene der moandei al by om har plakje mei kryt ôf te tekenjen. Guon dogge dat ek mei plakbân, mar dat is net tastien, om't soks nei ôfrin noch lang op strjitte achterbliuwt. Markearringen mei plakbân wurde fuorthelle troch de gemeente. Dat de earste ferkeapers al sa gau binne, komt mooglik troch de waarsferwachting.

Ferline jier wie it moarns min waar op Keningsdei. Doe is 60 persint fan de ferkeapers fuortbleaun. No wurdt wol in soad drokte ferwachte. Fan 't jier mei der foar it earst ek frijmerk hâlden wurde oan de súdkant fan it Ruterskertier, tusken de Harmonie en it Saailân. De Arendstún is just ferbean gebiet foar ferkeapers. 

Trefwurden: 
frijmerk Ljouwert Keningsdei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)