Cambuur wol mei goed fuotbal publyk fermeitsje

26 apr 2017 - 13:34

Cambuur moat noch twa wedstriden spylje foar de kompetysje: Freed thús tsjin FC Eindhoven; 5 maaie út tsjin Jong Ajax. Yn beide wedstriden stiet der foar de Ljouwerters neat mear op it spul. Sy binne as bêste pleatst foar de play-offs en kinne derom frijút fuotbalje. Cambuur lit de wedstriden lykwols net samar sjitte. De basisopstelling sil net in protte ôfwike fan dy wêryn't Cambuur freed mei 5-0 fan RKC Waalwijk wûn.

"Wy wolle goed fuotbalje en it publyk fermeitsje", sa sei trainer Sipke Hulshoff woansdei nei de training. De seleksje is sa goed as folslein fit. Ricardo Kip is nei krapoan fiif moanne blessuereleed ek wer fit en soe spylje kinne. De belangstelling foar de lêste thúswedstriid fan Cambuur foar de kompetysje is grut. Woansdei wiene der al likernôch achttûzen kaarten ferkocht.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)