Lintsjerein: "Buitengewoon vereerd" en "Ik ben echt perplex"

26 apr 2017 - 12:44

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert mocht woansdei fjouwer minsken keninklik ûnderskiede. Ien fan har wie Teatske Looijenga (66). “Ik ben echt perplex en sprakeloos. Ik ben verbaasd dat iedereen dat voor mij heeft gedaan,” sei se yn reaksje op har ûnderskieding. Har dochter sei oer har mem “dat ze al deel uitmaakte van de participatiemaatschappij voordat dat woord bestond.” Oaren neamden har de Fryske majoar Bosshardt fan it Noarden. Frou Looijenga hat tal fan frijwilligerswurk dien by tsjerke.

Ridder

De boargemaster mocht ek ien as ridder beneame: Ben van der Lugt (73) út de Fryske haadstêd. “Ik ben buitengewoon vereerd en zeer verbaasd.” Hy wie nei it stedhûs lokke mei it ferlechje dat in freon fan him in lintsje krije soe. “Maar dan sta ik ineens zelf in het middelpunt van de belangstelling. Ik ben vereerd en had hier totaal niet op gerekend. Mijn vrouw zei dat ik een net pak aan moest, maar ik dacht dat hoeft niet, want het gaat om mijn vriend. Ik ben er totaal ingetuind.” Van der Lugt is ûnder oare foarsitter fan de kommisje fan behear P.W. Janssen's Friesche Stichting en fan it Fries Juridisch Genootschap.

De jongste dekorearre is Geesje Duursma (44) fan Burgum, se is beneamd as ridder. "Ik wie hiel ferrast, dat se dit mei syn allen stilholden ha, dat fyn ik echt in prestaasje. It blykt dat alles ûnder de koadenamme Frou de Haan gien is. Dêr ha myn man en de meiwurkers alles omhinne regele. Ik hie der ek echt al in byld by, dat dy frou in lintsje krije soe, mar no blyk ik dus dy frou te wêzen." Se is neist har wurk yn de hoareka aktyf yn tal fan bestjoeren.

Kwaliteit

Dit jier binne minder lintsjes as oars, mar neffens boargemaster Crone is de kwaliteit dit jier wol prima. "Vaak moeten mensen 30, 40 jaar werk hebben gedaan, dus het wachten is nu op de nieuwe generatie. Vroeger was het zo dat mensen met betaald werk een lintje kregen, maar nu gaat het meer om mensen die buiten het werk om maatschappelijk actief zijn in bijvoorbeeld zorg, hulpverlening en in stichtingen."

Dûbel ûnderskieden

Gerrit van der Leeuw (49) fan Tersoal hat ek in lintsje krigen foar syn frijwilligerswurk foar ûnder oare de kuorbalklup, iisklup, toanielferiening, doarpshûs, tsjerke, keatsferiening, doarpsfeest en de survivalkommisje. Mar hy wie ek de earste dy't fan de wike in Omroplintsje krige, dus hy is dûbel ûnderskieden.

Trefwurden: 
lintsjerein Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)