Oarsaak brân lisboksstâl net bekend, ûndersyk ôfsletten

26 apr 2017 - 12:16
Brân Lippenhuzen - Foto: CAMJO media

De oarsaak fan de brân yn de lisboksstâl yn Lippenhuzen fan tiisdei, is noch hieltyd net bekend. Wol waard woansdeitemiddei dúdlik dat de brân net troch brânstichting ûntstien is. Dat docht bliken út ûndersyk fan de plysje. Hoe't de brân yn de lisboksstâl wol ûntstean koe, is noch net dúdlik. Omdat der gjin misdriuw yn it spul is, hat de plysje it ûndersyk ôfsletten. De fersekeringsmaatskippij hâldt in eigen ûndersyk nei de oarsaak fan de brân. Dat is gebrûklik yn sokke gefallen.

Asbest opromje

It asbest dat by de brân frijkaam, is op it hiem telâne kaam en sil yn opdracht fan de gemeente Opsterlân opromme wurde. It giet neffens de brânwacht om saneamd wyt asbest, dat net stoot as it frijkomt. It asbest wie boppedat wiet fan it bluswetter en de rein, wat foarkaam dat it fuortwaaie koe.

Nei de brân moasten hast fjirtich kij dy't yn de stâl stienen, ôfmakke wurde om't se tefolle reek binnenkrigen hienen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)