Wer nije opdracht foar ferfierder VMNN Friesland

26 apr 2017 - 12:13
Foto: Omrop Fryslân

It learlingeferfier yn de nije gemeente Waadhoeke en Harns giet nei ferfiersbedriuw VMNN Friesland yn Assen. It giet om it ferfier fan skoalbern út de twa gemeenten nei Harns, Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren. It bedriuw set auto's yn dy't op grien gas en elektrysk ride. It bedriuw sil fan augustus ôf ek it ferfier fan skoalbern fersoargje foar de gemeente Hearrenfean.

Earder wûn VMNN ek al in diel fan de oanbesteging fan it doelgroepferfier yn Noardeast-Fryslân. Ferline jier naam it bedriuw taksybedriuw Beimers en Javotours oer. Derút ûntstie VMNN Friesland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)