Earste tsien meartalige mienskipsprojekten binne bekend

26 apr 2017 - 11:45
Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Yn de earste subsydzjeronde fan Lân fan taal binne tsien meartalige mienskipsprojekten opnaam. Mei de subsydzje wol de provinsje fernijende projekten op it mêd fan meartaligens stypje. Dizze kear binne dat de fideo-animaasje 'Crash', de ljochtynstallaasje 'Marsman de Vries', de ynteraktive foarstelling 'Bisteboel', de teatrale tocht mei ljochtobjekten 'De taal van het hart', de foarstelling 'Mata Hari was hier' en it poëzyprogramma 'Dichter op de Deel in Exmorra'.

By de lytsere foarstellingen giet it om in eksposysje mei skilderijen oer taal fan Iedema en Harms, in middei fol mei Fryske muzyk en poëzy mei de titel 'Moarn gean ik dea', fyftjin gedichten fan Vestdijk op muzyk mei de titel 'Fabels met kleurkrijt' en de meartalige gedichten út en oer Fryslân op de webside FanvanFryslan.

Grutte projekten krije maksimaal 5000 euro subsydzje, lytse produksjes maksimaal 500 euro.

Trefwurden: 
Lân fan taal
(Advertinsje)
(Advertinsje)