Greidefûgeldrone ynset yn It Lege Midden

26 apr 2017 - 11:17

Op 40 bunder greide is woansdeitemoarn in proef úteinset fan gebietskoöperaasje It Lege Midden mei in saneamde greidefûgeldrone. De drone kin oan de hân fan waarmtebylden nêsten fine en mei hiele krekte GPS gegevens fêstlizze.

Dêrfan wurdt dan in stippekaart makke. Fûgelwachters kinne dêrnei it fjild yn om út te finen fan hokker soart it in nêst is. Boeren kinne de gegevens brûke om bygelyks in hoeke lân net te meanen. It kostet ûngefear 10 euro de bunder. Neffens de gebiedskoöperaasje is it de earste kear dat in drone op dizze wize brûkt wurdt yn Fryslân.

Trefwurden: 
greidefûgeldrone drone
(advertinsje)
(advertinsje)