Emearitus professor Johan Bouma krijt priis

26 apr 2017 - 10:50

De 76-jierrige emearitus professor Johan Bouma fan Froubuorren hat de hege ynternasjonale Von Humboldt Medal krigen. Dat wie op de jierlikse byienkomst fan de European Geosciences Union yn Wenen. De boaiemkundige krige de priis foar syn wurk foar boeren yn opkommende lannen. Hy stipet de boeren en wurket gear mei studinten. Bouma wurke ûnder oare by de Wageningen Universiteit.

Trefwurden: 
Johan Bouma priis
(advertinsje)